Fytser swier ferwûne

21 jun 2009 - 14:04

In 64-jierrige ynwenner fan Aldehaske is sneon op de Van Kleffensleane op It Hearrenfean swier ferwûne rekke. De man ried op syn fyts op de rotonde doe't er dêr skept waard troch in auto bestjoerd trochh in 18-jierrige ynwenner fan It Fean.

Wat der krekt bard is, is noch net dúdlik. De ynwenner fan Aldehaske wie der sa min oan ta dat er mei in traumahelikopter oerbrocht is nei it sikehûs fan Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)