Fiach wint Nòs Ur-festival

21 jun 2009 - 13:11

Sjongfestival Nòs Ur yn Inverness yn Skotlân is sneon wûn troch de Ierske sjonger Fiach mei it liet Sea Taim, in gefoelich, mar ek stevich rockend nûmer. De publykspriis gie nei de band Sunrise not Secular fan it Skotse eilân Lewis. Dy band en Fiach sille beide meidwaan oan Liet Ynternasjonaal op 31 oktober yn Ljouwert. Nòs Ur is Gaelic foar nije styl. It is in sjongfestival foar alle Keltyske minderheden en it Skotsk, en in foarronde foar Liet Ynternasjonaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)