Stekpartij yn sintrum Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn de Hoedemakersstege yn Ljouwert hat sneintemoarn in stekpartij west. Dat wie om in oere as seis. In man waard ferskate kearen yn syn búk stutsen. De plysje siket noch út wat der krekt bard is.
Mei help fan tsjûgen is wol in fertochte oanhâlden. Dat is in man fan 32 jier út Ljouwert. De Hoedemakersstege is yn it sintrum fan Ljouwert, tusken de Nijstêd en it Ruterskertier.