30.000 man op garnaledei

21 jun 2009 - 10:50

De 'dei fan de garnaal' op it haventerrein fan Lauwerseach hat sneon 30.000 minsken lutsen, sa seit de organisaasje. Der waarden mear as 500 kilo garnalen en 500 kilo moksels útdield.

De organisaasje sprekt fan in slagge dei foar de promoasje fan de Hollânske garnaal. Oer twa jier wurdt der wer in 'dei fan de garnaal' hâlden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)