Furia One wint sinneboatrace

20 jun 2009 - 20:06

De sinneboat Furia One fan De Jouwer hat de Dutch Open Solarboat Challenge yn Seelân wûn, in race fan fiif dagen troch de Sieuske wetters. De Furia One kaam út yn de iepen klasse. De teams meie dan sels bepale hokker materialen se brûke.

De B-klasse mei twapersoansboaten waard wûn troch it team fan it AOC-Fryslân út Ljouwert. Yn de A-klasse, de grutste klasse, waard de boat Forza Loron fan Snits twadde. Vlissingen, de seefeartskoalle, hie ien punt mear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)