Gemeente lilk om grutte boaten
De gemeente Tytsjerksteradiel is lilk oer it beslút fan de provinsje om boaten fan 110 meter ta te stean op de farwei nei Drachten. Om't in part dêrfan troch de Alde Feanen giet, is de gemeente der poer op tsjin.
Tytsjerksteradiel is ek lilk dat de provinsje net mei de gemeente oerlein hat. De gemeente moast it beslút fia de media hearre. Yn in brief oan de provinsje freget de gemeente opnij omtinken foar de grutte soarch oer it tastean fan grutte boaten.