Meifarre op e-boat yn Terherne

20 jun 2009 - 16:39

Dit wykein kinne belangstellenden yn Terherne opstappe op in saneamde e-boat, ek wol flústerboat neamd. Neffens it toerismeburo Friesland Holland is de belangstelling foar de miljeufreonlike en stille boat eksplosyf omheechgien.

It soe sels nije toeristen nei ús provinsje lûke. Dat binne dan benammen âlderen. In elektryske boat is net allinne mar in lyts boatsje. Ek gruttere boaten lykas tsjotters binne stil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)