Jonkje (11) rekket foet kwyt

Olivier kin it noch neifertelle...
Hy is it ûnderste part fan de skonk kwyt, mar kin it noch neifertelle. Olivier van de Voort (11) út Elslo begjint oare wike mei revalidaasje yn Beetstersweach. In moanne neidat er troch syn pony Monty meiskuord is troch bosk en wetter.
Trije-en-in-heale kilometer, fyftjin minuten lang, is Olivier meisleept. Monty wie al ôfsadele doe't er skrok en yn panyk útnaaide. It heltertou sloech om de linkerfoet fan Olivier. De nuvere rit einige yn de Kanadamar.