Graffitykeunst yn Drachten
Oan it Raadhuisplein en de Drift yn Drachten is sneontemiddei in begjin makke mei it oanbringen fan graffitykeunst op de tichttimmere ruten fan gebouwen dy't dêr sloopt wurde. Der binne twa groepen dy't de houten platen graach bespuitsje woene.
Sy hiene har earst by de gemeente melden. Dy hat tastimming jûn. Wethalder Veenstra wie sneontemiddei by de offisjele start. It meitsjen fan de keunstwurken giet de kommende fjouwer oant seis wike noch troch.