Fytser swier ferwûne

20 jun 2009 - 14:30

In fytser is sneontemiddei swier ferwûne rekke by in oanriding op It Hearrenfean. De man botste op it Boargemaster Kuperusplein tsjin in auto oan en foel hurd op de grûn.

It slachtoffer is mei in helikopter nei it sikehûs fan Grins brocht. Om't der in soad minsken op it ûngemak ôfkamen, waarden in pear strjitten ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)