Koetje fernuvere oer krityk UR

20 jun 2009 - 13:52

Emmo Koetje seit yn in earste reaksje dat de stap fan de ûndernimmingsrie fan 't Skewiel Trynwâlden him fernuveret. Koetje seit dat hy noch net troch de UR op de hichte steld is fan it opsizzen fan it fertrouwen.

Neffens Koetje is de UR yn it ferline akkoart gien mei de fúzje mei Tellens, mar hat de rie dat stânpunt ynienen feroare. Dat er minsken yntimidearje soe sprekt Koetje tsjin. De rie fan tafersjoch stapt takom wike op om't dy him net fine kin yn de krityk fan de UR.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)