Frou kin kokaïne wer ophelje

20 jun 2009 - 13:11

In 22-jierrige frou út Easterwâlde hat by fersin har kokaïne dat yn beslach naam wie troch de plysje, weromkrigen. Ofrûne woansdei koe de frou har guod wer ophelje. Doe't de frou thúskaam die bliken dat de 3,9 gram kokaïne dy't by har oantroffen wie, ek yn de doaze mei guod te sitten.

De plysje sprekt fan in grutte flater en sil de saak ûndersykje om soks yn de takomst foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)