Boargemaster Flylân fuort

19 jun 2009 - 22:39

Boargemaster Baukje Galama (52) fan Flylân wurdt nei alle gedachten de nije boargemaster fan Stadskanaal. De gemeenterie dêr hat har freed unanym foar de funksje foardroegen by de minister fan Ynlânske Saken. Doel is dat se op 1 septimber begjint.

Galama wie sûnt 1 july 2005 boargemaster fan Flylân. Se sjocht in ferhuzing nei Stadskanaal as in flinke promoasje, sjoen de grutte fan de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)