Lintsje foar Sybo Homminga

19 jun 2009 - 22:13

By de sechstichste edysje fan it 'Lanen Kaatsen' yn Harns is Sybo Homminga (62) út dy stêd freed keninklik ûnderskieden. Homminga is al tritich jier de driuwende krêft achter de keatspartij. Oan it evenemint dogge sa'n 300 keatsers fan ferskillende leeftiden mei.

Neist op sportyf gebiet is Homminga ek aktyf yn de muzyk. Sa organisearre er fiifentweintich jier lang Oranjepop. Homminga waard beneamd ta Lid yn de oarder van Oranje Nassau.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)