Jeu de Pelote yn Littens

19 jun 2009 - 21:08

Berltsum, de kampioen fan de lêste trije jier, ferlear freedtejûn op it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote mei 6-5 fan Wytmarsum. Op It Plein fan Easterlittens keatsten ek Baard en Makkum tsjininoar. Makkum wie fierstente sterk, it waard 8-1.

Moandei om sân oere begjint de twadde en lêste wike fan it Belgysk keatsen. Dan nimt Skearnegoutum it op tsjin Easterlittens en Tsjummearum keatst tsjin Tsjom.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)