Noch in Cohen-konsert
Der komt yn septimber ek noch in tredde konsert mei Frysktalige Leonard Cohen-ferskes. Dat ha Stichting De Partisanen en skouboarch De Lawei yn Drachten besletten. Dat ha se dien om't de twa al plande konserten útferkocht binne.
De tolve artysten dy't meiwurkje oan de CD 'In Frysk earbetoan oan Leonard Cohen' trede op by de konserten. Ek wurde der stikken út in boek fan Cohen foarlêzen. Neffens de organisaasje komt der net noch in konsert.