Man dea by boatûngelok Skylge

It bewuste boatsje (foto: Douwe Jan de Kroon)
By in ûngelok mei in boatsje by it Griene Strân by Skylge is freedtejûn in 49-jierige Amsterdammer om it libben kaam. De man wie ien fan de fiif ynsittenden fan it boatsje. Dat sloech troch noch ûnbekende oarsaak om doe't it ûnderweis wie fan Skylge nei in grutter skip foar de kust.
De oare ynsittenden koene troch de helptsjinsten rêden wurde. Sy rekken ûnderkuolle. It giet om twa manlju en twa froulju. Under har is ek de frou fan it deadlike slachtoffer.