Gjin seppelins boppe Waadsee

19 jun 2009 - 15:46

De fluchten mei seppelins boppe de Waadsee dizze simmer geane net troch. De Stichting Zeppelinvluchten Waddenzee is al in tal jierren dwaande mei it útwurkjen fan plannen dêrfoar.

Doel wie om dizze simmer foar it earst te fleanen, mar de seppelin dy't dêrfoar nedich is, kin net levere wurde om't it fabryk finansjele problemen hat. Oer in pear moannen moat dúdlik wêze oft der foar takom jier wol in seppelin beskikber is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)