Ljouwerteradiel moat besunigje

Ljouwerteradiel moat flink besunigje
Ljouwerteradiel moat de kommende jierren flink besunigje. De gemeente is konfronteard mei in legere útkearing fan it Ryk. Oant 2013 moat hast in heal miljoen op de begrutting fûn wurde.
Neffens boargemaster Ter Keurs is der gjin jild mear foar nij belied. Ynvestearrings wurde op de lange baan skood. Ljouwerteradiel wurdt relatyf swier rekke troch de besunigings. Yn oktober bepaalt de gemeenteried wêr't op besunige wurdt.