Foto's meitsje yn it museum

Amateurs meitsje foto's yn it museum
Amateurfotografen mochten freed foar ien kear foto's meitsje yn it Fries Museum en it Princessehof. Se mochten flits en statyf brûke. Gewoanwei mei dat net, mar dizze foto's binne bedoeld foar Wikipedia.
Dizze ynternetensyklopedy hat te min Nederlânske keunst dy't rjochtenfrij brûkt wurde mei. Yn ferskate musea yn Nederlân koene dêrom de fotografen al foar de iepeningstiid nei binnen om se sa alle romte te jaan. Op de fotosesje kamen sa'n tsien amateurfotografen ôf.