Drachtsterbrêge omheech

19 jun 2009 - 11:53

Freed koe der in skoft gjin ferkear oer de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. De brêge stie tusken de middei omheech en woe net mear nei ûnderen. It hat in oere duorre.

Yn ferbân mei wurksumheden oan de brêge moast dy in stikje omheech, mar dat kin allinnich troch op de needstop te drukken. Teoretysk moat de brêge dêrnei wer wurkje, mar dat wie net sa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)