Epke noch net nei Amearika

19 jun 2009 - 10:02

Epke Zonderland giet foarearst net nei Amearika ta. De turner fan De Lemmer soe studearje en turnje op de universiteit fan Pennsylvania. Hy hat noch hieltyd gjin befestiging krigen.

Zonderland moat in spesjale kommisje der fan oertsjûgje dat er amateursporter is. Dêrom moat er miskien al syn sponsorkontrakten opsizze. De topturner hopet no begjin takom jier nei de Feriene Steaten te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)