Koper stellen op begraafplak

Der binne koperen foarwerpen stellen út in gebou op it RK-begraafplak oan de Barend Visserstrjitte yn Harns. De foarwerpen wurde brûkt by begraffenissen. Ek is fan in bûtenkraan de koperen lieding meinaam.
De dieders kamen binnen troch in doar te fernielen. In 63-jierrige ynwenner fan Harns hat oanjefte dien. De plysje is dwaande mei in ûndersyk. Fan de grêven op it begraafplak is gjin koper stellen.