100 Euro stellen op De Jouwer

19 jun 2009 - 09:45

De plysje is op syk nei man en in frou dy't hûndert euro stellen ha út in winkel oan de Borgerstrjitte op De Jouwer. Op it momint dat it stel wat betelje woe, die de frou in greep yn de kassa. De meiwurkster fan de winkel pakte it jild werom.

It artikel dat de fertochten keapje woene, waard dêrnei ôfrekkene. Nei't de twa de winkel út wiene, die bliken dat der hûndert euro miste út de kassa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)