Needfûnsen yn Dongeradiel

19 jun 2009 - 09:06

Der komme twa needfûnsen yn Dongeradiel. De ried is akkoart gien mei in foarstel fan CDA, ChristenUnie en FNP. Earder al kaam de PvdA, mei ûndernimmer Romke Kooyenga en in tal tsjerken mei in foarstel fan in needfûns.

Yn de needfûnsen sit no 50.000 euro. It jild is bedoeld foar de minima. De PvdA fynt twa fûnsen net ideaal, mar neffens riedslid Ozenga sil de tiid útwize hokker fûns it bêste wurket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)