Oerfal snackbar Ljouwert

19 jun 2009 - 08:06

Der hat tongersdeitejûn let in oerfal west op snackbar 'T Hoekje op it Piet Kramerplein yn Ljouwert. In man (24) bedrige de eigner mei in fjoerwapen en gie der mei de ynhâld fan de kassa fan troch. De eigner fan de snackbar rekke licht ferwûne.

De meldkeamer hat fuortdaliks in oprop dien nei 2500 dielnimmers oan Burgernet. Nei oanlieding fan dizze oprop koe de fertochte al nei trije kertier mei in frou (19) op de Willem Sprengerstrjitte oanholden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)