Penning foar argivaris

18 jun 2009 - 19:46

De argivaris fan 'e gemeente Ljouwert, Rienk Jonker, hat fan 'e wike de Hendrik de Wijn penning krigen. Dizze penning waard him jûn op it kongres fan de Vereniging van Archivarissen, en is in blyk fan wurdearring foar syn fertsjinsten foar it argyfwêzen.

De Van Wijn penning is ynsteld yn 1987 en waard dit jier foar de achtste kear útrikt. De penning is neamd nei de earste algemien ryksargivaris fan ús lân, dy't dy funksje fan 1802 oant 1831 hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)