Gjin Tour foar Pieter Weening

18 jun 2009 - 17:10

Pieter Weening rydt dit jier gjin Tour de France. De hurdfytser fan De Harkema is mei Koos Moerenhout de lêste ôffaller út de seleksje. Dat hat de ploechlieding tongersdei bekendmakke. Weening rydt op dit stuit de Ronde fan Switserlân. Dêr giet it noch net geweldich, wylst er yn it begjin fan it seizoen hiel sterk ried.

In blessuere oan it sitflak yn maaie krekt foar de Ronde fan Italië wie foar Weening in fikse tebeksetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)