Bouwerij set plysje ûnder druk

18 jun 2009 - 16:30

De plysje sil der alles oan dwaan om genôch aginten op strjitte te hâlden. De plysje moat de kommende jierren foars besunigje. Troch de ekstra kosten fan de plysjeburo's yn Fryslân fan sa'n 69 miljoen euro, is der de kommende jierren kwalik jild.

Tongersdei waard in ûndersyk presentearre nei de oarsaken fan de ekstra boukosten. De rintekosten binne no sa heech dat it dreech wurdt om genôch plysjeminsken op strjitte te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)