Verbeek presintearre yn Almelo

Verbeek no dus oan de slach by Heracles
Gertjan Verbeek is tongersdeitemiddei presintearre as de nije trainer fan Heracles. Verbeek tekenet dêr in kontrakt foar trije jier. De âld trainer en spiler fan SC Hearrenfean en ynwenner fan Jobbegea siet sûnt de winterstop sûnder wurk, nei't er by Feyenoord dien krigen hie.
Verbeek trainde Heracles ek al fan 2001 oant 2004. Hy moat de Almelose klup de kommende jierren útbouwe ta in stabile earedivyzjeploech.