Fokke Rispens wurdt 106 jier

18 jun 2009 - 12:55

De âldste man fan Fryslân, Fokke Bouke Rispens, is hjoed 106 jier wurden. Hy wennet yn fersoarchingstehûs Martenahiem yn Tsjom. Dêr fiert hy syn jierdei mei famylje en oare bewenners.

Ek boargemaster Haveman fan Frjentsjerteradiel komt op besite. Rispens is net allinnich de âldste man fan ús provinsje, mar fan it hiele noarden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)