It Amelân bêste wenplak

© Omrop Fryslân
It Amelân is it bêste wenplak fan Fryslân. Dat is de útkomst fan in ûndersyk troch it blêd Elsevier. Yn dat ûndersyk binne alle 441 gemeenten ûndersocht. Lanlik sjoen eindige Amelân op it 29-ste plak. Wichtige punten binne moai wenjen, natoer en rekreaasje, mar ek skoallen en it kultuer- en útgeanslibben binne belangryk.
Flylân hat neffens Elsevier fan alle Nederlânske gemeenten de measte natuer.