Brok: 'krityk steaten te let'

Brok fynt de krityk út de steaten te let
De steateleden komme fierstente let mei de krityk op de weryndieling yn de Súdwesthoeke. Dat seit boargemaster Brok fan Snits. De partijen yn de provinsjale steaten lieten woansdei yn de kommisjegearkomste witte dat der te maklik fanút gien is dat der genôch stipe is fanút de befolking.
Ek is de needsaak foar de weryndieling net dúdlik, sei in mearderheid fan de steateleden. Boargemaster Brok fynt dat sy folle earder oan de bel lûke moatten hiene.