Nêstkasten blokfinken fernield

18 jun 2009 - 11:31

Op Flylân binne ein maaie sa'n hûndert jonge blokfinken (koolmees) ferstoarn nei dat rom twintich nêstkasten fernield waarden. De Koninklijke Academie van Wetenschappen yn Heteren docht al sûnt 1955 ûndersyk nei de blokfinken. Derom hingje der 450 nêstkasten op it eilân.

Dat ûndersyk rint mei de fernielings gjin gefaar, mar de meiwurkers binne wol skrokken fan de fernielings. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)