Ferhuzing wethâlder net nedich

© Omrop Fryslân
Wethâlder Van der Mei fan Menameradiel hoecht net mear te ferhuzjen nei de gemeente dy't se sels bestjoerd. Dat fynt it kolleezje fan B & W yn dy gemeente. Neffens de wet is it wol ferplichte dat in wethâlder wennet yn de gemeente dy't hy of sy bestjoerd.
Wethâlder Van der Mei foldocht dêr al trije jier net oan. Sy wennet yn Tsjom, yn de gemeente Frjentsjerteradiel yn in wenning mei skuorren en lân, oan it wetter. Dat kin Menameradiel har net biede.