Dieltiid WW foar Meijer

18 jun 2009 - 10:42

It personiel fan metaalbedriuw Meijer bv fan Sint Jabik hat ynstimd mei dieltiid WW. It giet om 80 meiwurkers. De ww-tiid moat foar in part ynfold wurde mei kursussen. De fakbûnen binne tefreden oer de regeling.

It betsjut neffens FNV fakbûnsbestjoerder Anne van Dijk dat it metaalbedriuw foarearst gjin minsken dien jaan sil omdat der perspektyf is foar de takomst. De dieltiid WW jildt earst foar trije moannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)