Jonges pakt foar mishanneling
De plysje hat woansdeitejûn twa jonges fan 14 jier út Harns oppakt foar mishanneling. Se soene in leeftydsgenoat út Wolvegea ynelkoar slein ha. It slachtoffer rûn dêrby in brutsen noas op.
De jongen wie tiisdeitejûn ek al mishannele troch de twa. De beide fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar ferhoar.