Bearen stellen op 'e merke

18 jun 2009 - 10:09

Op de merke yn Noardburgum binne dizze wike sechtich bearen stellen. De knuffels waarden meinommen út in oanhingwein. Dat fûn plak op de Hanegraaffwei, tichtby in attraksje op de merke.

Der waard ek noch in sweefmole fernield. In 21-jierrige frou út Hoogezand hat oanjefte dien. De plysje is op syk nei tsjûgen fan de stellerij en fernielerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)