Junior Nard Brandsma de bêste

18 jun 2009 - 00:40

Junior Nard Brandsma fan It Heidenskip wie woansdeitejûn op de skânzen fan De Jouwer de ljepper mei de fierste ôfstân: 18 meter en 19 sentimeter. Mei dy ôfstân liet hy alle topklassers achter him. Henk Schievink fan Ljouwert wie fan de topklassers mei 18.06 de bêste.

By de froulju wie de winst opnij foar Snitser Anna Jet Leyenaar mei 15 meter en 13 sentimeter. By de jonges wûn Hans Ulco de Boer (Jutryp) foar de earste kear dit seizoen mei 15.85.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)