Brân yn wente Drachten

17 jun 2009 - 23:18

By in brân woandeitejûn yn in wenning yn Drachten is ien persoan mei sykhellingsproblemen nei it sikehûs brocht. Twa huzen binne preventyf ûntromme.

De útslaande brân wie yn in hûs oan de Sint Jansberg yn Drachten. De brânwacht wie it fjoer gau master. Oer de oarsaak koe de plysje noch neat sizze.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)