75.000 euro foar hospice

Hospice Smelnehaven oan it Súd yn Drachten
It nije hospice fan Drachten, Smelnehaven, hat fan trije fûnsen in donaasje fan 75.000 euro krigen. Mei dat jild wurdt de ferbouwing en de ynrjochting fan it nije pân betelle. Sa giet it tal keamers fan twa nei trije.
It hospice sit no noch yn Beetstersweach, ein dizze moanne giet it nije ûnderkommen yn Drachten iepen. Yn it hospice kinne minsken yn de lêste libbensfaze ferbliuwe. It jild komt ûnder oaren fan it Oranje Fonds.