Jeu de Pelote yn Littens

17 jun 2009 - 22:46

Woansdeitejûn waarden de lêste trije partijen fan de foarronde keatst op it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens. De partij fan de jûn wie dy tusken Grou en Akkrum. Grou wûn mei 6-5. De oare beide partijen brochten gjin spanning. Tsjom wûn mei 6-2 fan Itens en Skearnegoutum wie mei 8-1 te sterk foar Lollum-Waaksens.

Der binne no noch fyftjin ploegen oer. Op tongersdei nimt Raerd it op tsjin Easterein, Weidum keatst tsjin Grou en Reahûs-Turns moat tsjin Wjelsryp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)