Twongen ferkeap boeregrûn

© Omrop Fryslân
Guon boeren moatte yn 'e takomst mooglik twongen meiwurkje oan de ferkeap fan grûn foar natoerdoelen. Der lizze miljoenen euro's ryksjild foar klear. Oant no ta wurdt allinnich grûn kocht as de boer meiwurkje wol.
Mar dat giet net hurd genôch en natoerbehearders as it Fryske Gea kleie dêr oer. Om grûnoankeapen flot te lûken en te foldwaan oan ôfspraken mei it Ryk wol deputearre Konst sjen oft hy de lêste boeren dy't eins net wolle dochs noch sa fier krije kin.