Priis foar Schrieversronte

It is de PC Hooftpriis fan de Stellingwerven: de Bergveldpriis. Woansdei wurdt de priis útrikt oan de Stellingwarver Schrieversronte. Omdat se in soad dogge om de Stellingwarver streektaal yn libben te hâlden.
De H.J.Bergveldpriis is de literêre priis fan de gemeenten East- en Weststellingwerf en bestiet út in penning en tûzen euro. De Schrieversronte is bliid mei de wurdearring foar it útjaan fan boeken en it meitsjen fan lesmateriaal.