Friezen wolle earder stappe

Vroeg op stap-mem Hannie Gorder fan Sigerswâld
In soad jonge Friezen fine it hielendal net slim as de hoareka earder ticht giet. Dat docht bliken út in ynternetpeiling dy't yn opdracht fan Vroeg op Stap útfierd is.
Mear as 750 minsken, jong en âld, stappers en net-stappers, ha meidien oan it ûndersyk. 42 % fan harren fynt twa oere de ideale slutingstiid. It ûndersyk is presintearre op it sympoasium fan de Vroeg op Stapmemmen. De hoareka sels is kritysk oer it ûndersyk.