Modelboat-race yn Ljouwert

Yn de grêft fan de Nijstêd yn Ljouwert wurdt woansdei in sylrace hâlden foar modelboaten. It giet om boaten fan ûngefear 70 sintimeter, dy't boud binne troch njoggen studinteteams.
Dy dogge yn Ljouwert opliedingen lykas technyske ynformatika, elektrotechnyk en wurktúchboukunde. De boaten sitte dan ek fol mei technyk. De studinten moatte fan de kant ôf de seilen bestjoere. Dat slagget meastentiids prima.