Mear reizgers mei bus en trein

Folle mear reizgers kieze dit jier foar it iepenbier ferfier
Hieltyd mear Friezen nimme de bus of trein. Yn it earste fearnsjier hawwe sa'n 5,7 miljoen reizgers gebrûk makke fan it iepenbier ferfier. Dat is hast 10 persint mear as ferline jier yn deselde periode. De reizgers yn it iepenbier ferfier wurde ek hieltyd kritysker, want hieltyd mear minsken meitsje beswier tsjin boeten dy't se krije foar bygelyks swartride. Ek wurdt der faker jild werom frege as de bus of trein te let wie of hielendal net kaam.