Oanhâlding Drachten foar GHB

© Omrop Fryslân
De plysje hat in tredde fertochte oanhâlden yn 'e Drachtster GHB-saak. Ferline wike waarden al in 18- en in 21-jierrige man út Drachten oanhâlden.
De tredde fertochte is in 29-jierrige Drachtster. Yn de wenning fan de man oan de Geelgorstraat binne twa fleskes GHB, 72 gram speed en grûnstoffen foar it meitsjen fan GHB fûn. De man is troch de rjochter-kommissaris fêstset. De mannen fan 18 en 21 waarden op 10 juny oanhâlden. De man fan 21 wie troch GHB-gebrûk út 'e tiid rekke.