Mear kontrôle singel Drachten

17 jun 2009 - 10:06

De plysje yn Drachten sil de kommende trije wike ekstra kontrolearje op de trochgeande Overstesingel. Troch wurksumheden oan de dyk dêr moat it ferkear omride.

De plysje hat konstateard dat der nochal wat bestjoerders binne, dy't troch it reade ferkearsljocht ride en dêrom sil dêr ekstra op kontrolearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)