Revalidaasje F'lân yn 'e plus

© Omrop Fryslân
Revalidaasje Fryslân hat 2008 ôfsletten mei in posityf resultaat fan 224.000 euro. Dat is mear as de 155.000 euro dêr't op rekkene wie.
Troch in wiziging yn de wetjouwing omtrint boukundige renovaasjes hâldt de revalidaasje nochris 87.000 euro oer. Revalidaasje Fryslân organisearret ûnder oare kuier- en fytstochten om jild binnen te heljen. De lêste tiid kaam minder jild binnen om't bedriuwen troch de kredytkrisis minder nocht hawwe om te sponsorjen.